De stim fan wetter

De einetael van memme-ein en lytse pykjes
Draegt helder oer de romme feart
Sy boartsje op it wetter

Sjoch dêr, een kikkert kweaket lûd
En weaget syn kans op proai
Hy dreamt fan letter: grouer, fetter

In boer stapt neist de boat en flokt en sweart
Syn frou sjocht op, har eagen speie fjûr
In frommes’ lûd heart altyd better

In fisker stoarret nei de strakke tried
Is bliid en núndert seft in sangkje
Mei alles om him hinne: de stim fan wetter