Simmertún

De sêfte wyn biweegt

jasmyn, laurier en hop,

de sinne stekt hwer’t sy wol,

foaral har rêch en nekke.

Hy slút syn eagen gau

en sjocht in swatte stip;

it skerpe ljocht omheint

har holle, de hierren waeije.

Har rêch biweegt earst net,

dan set sy de gong deryn.

Genietsjend krollet syn mûle,

syn rêch, hy likket har ear.

Syn eachhoeke registrearet

koartsich bisyk op ’t paed.

De spanning rint hurd op

en hurder noch wer ôf.

Foreale jout hy har in tút;

fanwegens it moaie waer

dit jier al foar de alfde kear.

What dochs in prachtsimmer!