De sneinse boesgroentsjes mei
swartich útsleine kraachjes,
in skuort jaske, leit mem oer
de foarkeamerstoel lofts fan
wer ’t ik – siik, skoaltsjesiik? –
lis. Heit skeart himsels,
neist it trochjoulûk
wylst ‘er in kopke thee gleon-
hastich trochslokt. De punten
fan syn himd luorkje nijsgjirrich
troch de pipen fan syn ûnderbroek,
mar as er sit sjocht nimmen it.
Wa hat dan weet fan lytse Bjinse
van Jan-om en Tjetsje-muoi, dy’t no
mei in fiersten te âld wiif
-mei in stikmennich bern – húsmannet?