12 july 1969

elke soele saterdei as postrinder it gat
op it fytske en de sinne yn ‘e mjitte;
ûnderweis masters neiste wyskes sjonge

nei it ljuenske folk fan ‘e Triemen
en ‘e Sweach de rjochte Westereinders
yn koar: hwa bist dû frjemd mantsje?

ik bin ien fan Sjoukje fan Klaes en Jels;
it swit ron my mei stjalpen fan ‘e kop
oer de foarfoarke yn ‘e moude sânpaeden

foaral by ’t simmerdei hie’k slim nijs
oan sahwat healbleat glei froufolk, fan
dy glêdde, wyte bantsjes yn ’t skouderfleis

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.