Heit

Sneintemoarn, de tsjerke efter ús,
de preek úttize,in leafol wurk,
gleskeguod op tafel, in jonkje as twa
efter it knopsgat fan it maatpak,
boartsjende bern oer de flier &
heit sit en stiet as’t knypt
wer foar de radio, te wyld
slaan syn hannen rom yn it rûn;
fotolistkes -sjoch ik der Klaasom
mei Jan en Lys fan’e Westerein?-
skodzje op ’e maat fan syn lea
en nea, nea seagen wy him losser;
de holle skean, smook fan de ieuwige
Golden Fiction imitearet de hillige geast
en heit is wer de dirigent.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.