Sneintemoarn

Mantsjemachtig set it spul der op út,
nei it tsjerkhôf neist it hartekampke;
it is kâld en de mûtsen hingje skeef;
wiete tsjûke stikken snot rinne as
trochseane sopgriente lâns de mûlen.

Heit is yn’e slach mei omke Anne of
wie it Jabik-om? Nee, fansels, dy wie
dochs noch gjin omke, (mear noch Jappie
mei de anti-roas boarstel). Wacht,
der wâdet ien troch in droege sleat.

In stik of trije tôgje mei in plastiken
tasse dy’t fier opwaait; de sneinse skuon
traapje yn in poele foar it sulveren hek,
it slot pipet as de kreake yn’e krystnacht;
nei goed oardel oere binne de beammen keal.

Nije wike sil de jierdei-besite fan mem
de poaten wol wer brekke oer fjouwer yn e
gong útstoarte doazen kastanjes en sa’n
sân tûzen ikels; dit jier sûnder dopkes.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.