Atsje

yn ‘e jeugdtsjinstkommisje siet ik
en sneins hie’k goed sicht op Atsje
mei de reade wangen en ieuwich yn
it breide, fierstente koarte truitsje

wylst ik heal harke nei dûmny
dy’t orakele oer kwea en fergift
en derby knypeage nei de trije
teenagers ûnder syn gehoar, betocht ik

hoe’t ik it oanlizze soe ûnder it
fraachlearen; neist har te sitten
doast ik fanselst net, noch leaver
hong ik oan’t krús op Goedfreed

jûns, op ‘e side, de iene knibbel
wat omheech, bûsdoekje yn ‘e hân,
frege ik mysels ôf wa’t my dochs dat
dekselske oflûkken leard hie

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.