23 Desimber 1963

De grize âlde doazen komme del fan ‘e
fliering út beppe’s kast en it wurk
kin begjinne: de twaling set útein
nei de platte brêge om in amer
giel sân; beammen ferneare gjin swarte grûn.

Dêr binne se dan: it sulveren fûgeltsje
mei de trije trochskienende fiskehierkes,
it griene doaske mei echt teijend iis,
in bearke, njoggen snieballen en krapoan
fjouwer meter wite slinger yn ‘e tiis.

De brutsen pyk wurdt lime, de kearskes,
ree yn ‘e koperen knipers, wachtsje op
mem (o, konkurrinte fan Maria!) har ljocht;

en de bern hâlde harren fêst by it idee
fan it neakene jonkje, och mantsjemosk
mei kjel einefel, neat hast om ‘e lea.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.